Gedichten yn it Frysk binne oerset yn gearwurking mei Corry Boelens; Auteur-Oersetter-Dosint Frysk
Dongeradiel
It âlde lân draacht keningsbern,
fjouwerjend op izers fan ferset.
It âlde lân is drinzge mei wûnders fan taal,
stringe yn frissels fan wetter.
It âlde ferhaal siket ûnwennich nij ritme
yn eachein fan glês en fan stiel.
Op stive hege skonken brekke wiken de sinne midstwa.
Frjemde skaden skoarskje har de rêch oan fûgelflecht en wolkerâne.
It âlde lân duorret.
Yn sealtek en yn fiere foarse fuorgen
hoedet sy grutsk har ûnfersetlik kleare kimen.